Aldeholtwâlde (Stellingwerfsk: Hooltwoolde, Nederlânsk en offisjeel: Oldeholtwolde) is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf. Der wurdt meast Stellingwerfsk praat.

Aldeholtwâlde
Tsjerke fan Aldeholtwâlde
Tsjerke fan Aldeholtwâlde
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Weststellingwerf
Sifers
Ynwennertal 145 (1 jannewaris 2023)[1]
Befolkingsticht. 8,49 km², werfan:
- lân: 8,30 km²
- wetter: 0,19 km²
Stêdekloft 19 ynw. / km²
Oar
Postkoade 8477
Tiidsône UTC 1
Simmertiid UTC 2
Koördinaten 52° 54' N 6° 00' E
Offisjele webside
www.ter-idzard.nl Side Teridzert-Nijeholtwâlde-Aldeholtwâlde
Kaart
Aldeholtwâlde (Fryslân)
Aldeholtwâlde

Aldeholtwâlde hat 145 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Aldeholtwâlde is in âld doarp en tocht wurdt dat it om it jier 1000 hinne ûnstie. Nijeholtwâlde ûnstie letter. Yn 1309 waard Aldeholtwâlde foar it earst tagelyk mei Teridzert neamd om't de doarpen net om lyk woene en troch de biskop fan Utert yn 'e ban dien waarden. It doarp hie doe al in tsjerke, dy't doe op in oar plak oan de Wardyk stie. [3] By in swiere stoarm yn 1700 rekke de tsjerke sa slim skeind, dat werbou net plakfûn en ôfbraak folge. It doarp bleau dêrnei 175 jier sûnder tsjerke en foar de preek moasten de ynwenners nei it oanbuorjende Teridzert.

Aldeholtwâlde is in lyts streekdoarp dat yn de lette midsiuwen op de krusing fan de âlde Wardyk en de Slingerwei ûntstie. De Wardyk stiet op de gritenijkaart fan Weststellingwerf yn de atlas fan Schotanus út 1716 en bochte troch it westen en noarden fan de gritenij hinne. Hy kaam út it suden fan Aldetrine, en rûn dan troch Aldlemmer en Nijelemmer en noch fierder nei it easten troch Nijeholtwâlde om by Aldeholtwâlde in bocht nei it suden te meitsjen oant de westlike flank fan Teridzert. Op de kaart is te sjen dat it noardlike part fan it útwrydske doarpsgebiet oan de Tsjonger ta bestie út fean en leech healân.

 
Kop-romppleats oan de Slingerwei

Sûnt 1840 waard der yn it gebiet útein set mei it ôfgraven fan turf. Op de kaart yn de Eekhoff-atlas út 1850 is te sjen dat it fean folop ôfgroeven waard en de ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Swol dwers troch it doarp oanlein wie. Sûnt 1855 krige it doarp ek in skoalle. Troch't de feanterij ek nije ynwenners brocht, koe der yn 1875 wer in nije tsjerke boud wurde. De sealtsjerke mei in trijekantich sletten koer en neogoatyske spitsbôchfinsters is in ûntwerp fan F. Brouwer út Koarnjum.

Op 7 maaie 1944 kaam in Amerikaanske bommesmiter del en op de hichte fan de Geele Bosch sprongen de fjouwer manlju út harren fleantúch, dy't op it lân fan in pleats oan de Stelwei lannen en troch de bewenners nei in hol yn de Geele Bosch waarden brocht om harren foar de Dútsers ferside te bergjen. It ûnderdûkershol yn de Geele Bosch is yn 2020 rekonstruearre.[4]

Yn 1980 waard yn Aldeholtwâlde in kamp fan rindierjagers ûntdekt en opgroeven. Undersyk wiisde út dat it in tydlik kamp út likernôch 12.100 f.Kr. wie, dat nei alle gedachten troch hamburchjagers opset wie. Hamburchjagers kamen mar komselden yn dit gebiet en it kampke lei tichteby de Tsjonger: de dellings fan rivieren wienen yn it Saaleglasiaal de iennige plakken dêr't brânhout te finen wie. By it kamp binne houtskoal en tsientallen fjoerstiennen fûn, itjinge betsjut dat de bewenners fjoer meitsje koene. Neffens ûndersyk gie soks mei twiichjes en fjoerstienen.

Troch de oanlis fan de A32 yn 'e jierren 1980 waard it doarp yn twa parten snien.

Aldeholtwâlde foarmet mei Nijeholtwâlde en Teridzert in sosjale ienheid. It doarpshûs 'De Bult' stiet yn Teridzert.[5]

 
Tsjerke fan Aldeholtwâlde
  De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Aldeholtwâlde.
  • PKN-gemeente Ter Holten (Aldeholtpea/Nijeholtpea/Aldeholtwâlde/Teridzert).

De iepenbiere basisskoalle 'De Drie Dorpen' fan it doarp waard yn 2014 sletten. Bern kinne foar it iepenbiere ûnderwiis nei Aldeholtpea.[6]

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2004 2008 2014 2022
Ynwenners 253 230 222 204 199 137 140 129 155

Strjitten yn Aldeholtwâlde

bewurkje seksje

Brêgesleatwei, Hearrenfeanskewei, Idzardawei, Kooiweg, Otterswei, Rykswei A32, Scheenewei, Slingerwei, Stelwei, Tsjerkewei, Tsjongerpaad, Weerdyk.

Publikaasje(s)

bewurkje seksje
  • G.A. de Vries "Olde- en Nijeholtwolde tussen 1900 en 2005"

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  Weststellingwerf  
Doarpen en útbuorrens:
AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzertWolvegea
Buorskippen:
BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)
  ·   ·