Aenjewier
Aenjewier (Nederlânsk en offisjeel: Aengwirden of Engwirden), ek wol Eingewier of de lytse gritenij neamd, is in eardere gemeente yn it súdeasten fan Fryslân. Dizze gemeente besloech in oerflak fan 40,64 km², en hie op 31 desimber 1930 4.723 ynwenners.[1]
Aenjewier | |
---|---|
De Aenjewierder Tsjerke yn Tsjalbert. | |
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
sifers en geografy | |
haadplak | Tsjalbert |
grutste plak | Tsjalbert |
ynwennertal | 4.723 (1930) |
befolkingstichtens | 116,2 / km² |
oerflak | 40,64 km² |
tal doarpen | 4 (5) |
skiednis | |
oprjochte | 1851 |
oant 1851 | Gritenij Aenjewier |
opheft | 1934 |
opgien yn | It Hearrenfean |
no part fan | It Hearrenfean |
oar | |
tiidsône | UTC 1 |
simmertiid | UTC 2 |
Skiednis
bewurkje seksjeDe gritenij Aenjewier waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke. By de gemeentlike weryndieling fan 1934 is Aenjewier in part wurden fan de nije gemeente it Hearrenfean. Reden hjirta wie dat it Hearrenfean op de grins fan Aenjewier en Skoatterlân lei.
Plakken
bewurkje seksjeIt haadplak wie Tsjalbert,[2] en de oare doarpen yn de gemeente wienen: Gersleat, Lúnbert, Terbant en in lyts diel fan It Hearrenfean. Fierders hearden ek de buorskippen Aldeweisterfeart, Terbantster Skâns en Uterbuorren ta Aenjewier.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|