Église Saint-Eustache (Parys)

De Église Saint-Eustache of Sint-Eustachiustsjerke is in tsjerkegebou yn Parys. De tsjerke stiet yn de 146 rue Rambuteau yn it earste arrondissement yn it sintrum fan Quartier des Halles.

Sint-Eustachiustsjerke

Église Saint-Eustache

Lokaasje
lân Frankryk
regio Île-de-France
plak Parys
adres 146 rue Rambuteau
koördinaten 48° 51 N 2° 20' E
Tsjerklike gegevens
aartsbisdom Parys
patroanhillige Eustachius fan Mâcon
Arsjitektuer
boujier 1532-1633
boustyl Gotyk
monumintale status histoarysk monumint
Webside
Side parochy
Kaart
Église Saint-Eustache (Parys)
Église Saint-Eustache
 
Ynterieur

De tsjerke giet werom op de 13e iuw, doe't yn 1213 in oan Sint-Agnes wijde kapel boud waard. In krypte mei dy namme grinzget noch jimmeroan oan de eastlike kant fan de tsjerke. Dy kapel waard skonken troch in keapman, Jean Alais, as tank foar it rjocht in belesting op de ferkeap fan fiskkuorren te heffen, wêrmei't in liening fan kening Filips II werom betelle wurde koe. De kapel waard yn 1223 de parochytsjerke fan it Les Halles-distrikt en waard yn 1303 wijd oan Sint-Eustachius, in 2e iuwske romeinske generaal dy't mei syn famylje op de brânsteapel kaam om't se harren ta it kristendom bekeard hiene. Dy nije wijing fûn plak nei't de tsjerke fan de Abdij fan Saint-Denis reliken fan de romeinske martler krige hie.

De tsjerke waard fanwegen it tanimmen fan it ynwennertal fan de parochy ferskate kearen ferboud en fergrutte.

Yn 1532 waard midden yn de renêssânse-tiid útein set mei de bou fan in goatyske tsjerke, dy't paste by de alluere fan in stêd as Parys. In earste stien fan it hjoeddeiske bouwurk waard op 19 augustus lein troch Jean de la Barre, de provoast fan de keaplju. Mei de goatyske struktuer, de romaanske rûne bôgen en de ornaminten yn de styl fan de renêssânse krige it tsjerkegebou in unyk karakter.

Foar 1582 hie de tsjerke al in oargel, mar de bou gyng noch folle langer troch oant 1632. Op 26 april 1637 waard de tsjerke ynwijd troch Jean-François de Gondi, de aarstbiskop fan Parys.

 
It 18e iuwske ûntwerp fan de westlike gevel

Oan de westlike gevel stiene oan wjerskanten tuorren, dy't net foltôge wienen. Doe't yn 1665 yn opdracht fan de politikus en parochiaan Jean-Baptiste Colbert twa kapellen oanboud waarden, fersoarsake dat grutte strukturele swierrichheden. Besletten waard om de gevel mei it earste travee fan it skip en de sydskippen ôf te brekken en dêrnei wer op te bouwen. In nij ûntwerp waard makke troch Louis Le Vau, wêrfan't de útfiering troch Colbert betelle wurde moast. It duorre dochs noch oant 22 maaie 1754 doe't de earste stien lein waard foar de nije gevel. De bou stie ynearsten ûnder lieding fan de arsjitekt Jean Hardouin-Mansart de Jouy en eine stadich troch brekme oan jild. Fan it oarspronklike plan mei in swiere gevel tusken twa tuorren fan twa ferdjippings waard de súdlike toer nea foltôge.

 
Oargel

By de Frânske Revolúsje waard de tsjerke, lykas hast alle oare tsjerken fan Parys, ûntwijd en plondere. De tsjerke waard yn 1793 sletten foar de earetsjinst en yn gebrûk nommen as in skuorre. In pear jier letter koe de tsjerke wer iepene wurde, mar de skea oan it gebou en it meubilêr wie grut. In brân yn 1844 feroarsake noch mear skea. In grutte restauraasje fan it gebou folge yn de jierren 1846-1854. Yn dy jierren krige de tsjerke in nij oargelfront, in nije preekstoel en in nij heechalter. Ek waarden de skilderijen fan de tsjerke restaurearre.

De tsjerke waard yn 1871 ûnder it bestjoer fan de Commune yn 'e brân stutsen, sadat reparaasjes oan it plafond, de loftbôgen en de súdlike gevel nedich wiene. Fan 1928 oant 1929 waard de gevel renovearre.

Doe't op 15 april 2019 de Notre-Dame troch in grutte brân troffen waard, ferhûzen de grutte religieuze eveneminten, lykas de missen fan Peaske en Kryst, nei de Eustachiustsjerke.

Arsjitektuer en keunst

bewurkje seksje

It krúsfoarmige grûnplan fan de fiifskippige tsjerke is goatysk. Ek goatysk binne it trifoarium en it netferwulft. De goatyske struktuer fan it bouwurk wurdt oanklaaid mei renêssânsistyske en klassisistyske eleminten. De loftse toer is foltôge yn de styl fan de renêssânse, wylst de rjochter toer as in stomp ûnfoltôge bleau. De tsjerke hat in lingte fan 105 meter, in breedte fan 44 meter en in hichte fan 34 meter.

De Kapel fan de Jongfaam (Chapelle de la Vierge) leit hielendal eastlik yn de tsjerke. Eartiids hie de kapel in dûbele rige ramen, mar yn de 18e iuw waard de ûnderste rige tichtmitsele fanwegen in súdlike oanbou. De rike ynrjochting fan de kapel fan houtwurk, moarmer en skilderijen ferdwûn mei de Frânske Revolúsje, mar yn 1802 waard de kapel wer op 'e nij ynrjochte mei in tige moai byld fan de Jongfaam, makke troch de byldhouwer Jean-Baptiste Pigalle. Under de 19e iuwske brânskildere ramen fan kenings en hilligen binne trije grutte fresko's oanbrocht mei foarstellings út it libben fan Marije.

Ien fan de belangrykste Frânske byldhouwurken út de 18e iuw is it troch Le Brun makke grêfmonumint fan Colbert. Tichteby it grêfmonumint yn de folgjende kapel hinget it skilderij fan de "Reizgers nei Emmaus", in wurk fan Rubens of syn skoalle. Yn de Magdalenakapel (Chapelle de la Sainte-Madeleine) hinget de "Ekstaze fan Magdalena" fan Rutilio Manetti (1571–1636). Oare wichtige skilderijen binne "De Oanbidding" fan Ménageot (1744-1816) en it troch Richelieu bestelde skilderij "Martlerskip fan Sint-Eustachius" fan Simon Vouet.

Ek is der gjin brek oan moderne keunst yn de tsjerke. Yn in sydkapel fan de tsjerke hinget û.o. in brûnzen triptyk fan Keith Haring.

It oargel is mei 101 registers op fiif manualen en pedaal ien fan de grutste oargels fan Frankryk. De Nederlânske firma Van den Heuvel út Doardt boude it ynstrumint neffens in ûntwerp fan Jean Guillou. It ferfong in oargel fan Ducroquet-Gonzalez, dat net mear te bespyljen wie. De spyltafel hat in mechanyske traktuer.

Kardinaal Richelieu (1585), Molière (1622), Jean-François Regnard (1655), Eugenius fan Savoye (1668), Louis Armand de Brichanteau (1683) en Madame de Pompadour (1721) waarden yn de tsjerke doopt.

Loadewyk XIV die yn de tsjerke syn earste kommuny yn 1649.

It houlik fan de hartoch fan Sully (1583) mei Anne de Courtenay, Simon Arnauld de Pomponne (1660) mei Catherine Ladvocat en Jean-Baptiste Lully (1662) mei Madeleine Lambertet waard yn de tsjerke ynsegene.

Berlioz dirigearre de earste útfiering fan syn "Te Deum"op 30 april 1855 en Liszt die dat mei syn "Messe solennelle" op 15 maart 1856.

Yn de tsjerke lizze in grut tal minsken begroeven dy't de kultuer fan it lân ferriken of in wichtige rol yn 'e skiednis spilen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: