Ålesund
Ålesund is in stêd en gemeente yn de Noarske provinsje Møre og Romsdal. Yn 2022 hie Ålesund 67.114 ynwenners. Ålesund leit op 230 km noardeast fan Bergen. De stêd is boud op trije eilannen; Hessa, Aspøy en Nørvøyy dy't de belangrike fiskershaven omslúte.
Ålesund | ||
Ålesund | ||
Wapen | ||
Polityk | ||
Lân | Noarwegen | |
Provinsje | Møre og Romsdal | |
Gemeente | Ålesund | |
Sifers | ||
Oerflak | 632,51 km2 | |
dêrfan lân | 607.41 km2 | |
dêrfan wetter | 25.10 km2 | |
Ynwennertal | 67.114 (2022) | |
Befolkingstichtens | 106 inw./km | |
Oar | ||
Stifting | 1838 | |
Tiidsône | UTC 1 | |
Simmertiid | UTC 2 | |
Offisjele webside | ||
www.alesund.kommune.no | ||
Kaart | ||
skiednis
bewurkje seksjeIt ûntstean fan Ålesund as stedsk gebiet situearret him op de ein fan de 17e iuw as ferskate lytse keaplju út Bergen har fêstigjen komme oan beide kanten fan de Ålesundet, de seestrjitte dy't har namme oan de stêd jûn hat. Se ruilje fisk foar nôt. It plak wie strategysk goed keazen: ticht by de fiskgrûnen, op in krúspunt tusken de fjorden en de eilannen. Boppedat wie de haven goed besketten tsjin de wyn. Yn 1793 krige de stêd in tal hannelsprivileezjes oan wat har posysje noch ferstevige. Dochs telde Ålesund doetiids net mear as 200 ynwenners. Hjiryn sil der yn de kommende desennia mar stadichoan feroaring komme as ambachtslju, fiskers en seelju har hjir fêstigje.
Yn 1848 krijt de stêd stedsrjochten. De ynfloed dêrfan op de ûntwikkeling fan Ålesund hat dúdlik west. Yn 50 jier tiid groeit de befolking oan fan 1200 oant 11.000 minsken. De oanwêzigens nei 1860 fan kabbeljau ferklearret mei dy befolkingseksploazje. De stêd ûntwikkele him ta ien fan de grutste fiskershavens fan Noarwegen en ta wichtichste eksporthaven fan stokfisk.
Yn de nacht fan 22 op 23 jannewaris 1904 ferneatige in brân fierhinne de folsleine stêd. De measte huzen wiene, lykas gebrûklik yn Noarwegen, makke fan hout. In omfallen peteroaljelampe soe de brân feroarsake hawwe. mei troch súdwesterstoarm bleau de stêd 16 oeren baarnen. Opmerklik genôch kaam der hjirby mar ien persoan om it libben. Fan oeral kaam help om de stêd te werbouwen, dizze werbou barde yn de styl dy 't doe furoare makke: de jugendstil.
Op it grûngebiet fan it hjoeddeiske Ålesund sit in noch folle âldere stedske delsetting, nammentlik it merkplak Borgund 5 km eastlik fan it stedssintrum. Dizze stêd moat yn de midsiuwen in drok hannelsplak west hawwe lykas út archeologyske fynsten bliken docht. Nei 1400 ferlear Borgund stadichoan oan belang om op it lêst folslein te ferdwinen. De politike tastân, de neifleagen fan 'e Swarte Dea en de Hânze, wêrtroch't alle hannel him op Bergen en Trondheim taspitste, wurde dêrfoar as oarsaak jûn. Yn 1968 waarden Ålesund en Borgund offisjeel gearfoege.
Ynfrastruktuer
bewurkje seksjeIt fleanjild fan Ålesund, Luchthaven Ålesund, Vigra, leit sa'n 20 km benoarden fan Ålesund op it eilân Vigra, en hat bennammen ynlânske en in tal Jeropeeske ferbiningen. De stêd wurdt oandien troch de fearboaten fan de Hurtigruten (in mear as hûndert jier âlde Noarske passazjiers- en transporttsjinst).
Galery
bewurkje seksje-
útsjoch op Ålesund fanôf de Aksla
-
Ålesund tsjerke
-
Borgund tsjerke
-
Jugendstil arsjitektuer yn Ålesund
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|