It Skoar

(Trochferwiisd fan 't Skoar)

It Skoar of 't Skoar is in buorskip dy’t yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. It Skoar leit noardeastlik fan Ternaard, súdwestlik fan Wierum en besuden de Waadsee. It Skoar leit yn de himrikken fan Ternaard en Wierum.

De bebouwing fan de buorskip leit oan de dyk 't Skoar, mei in fertichting yn de rjochting fan de feart dy't It Skoar skiedt fan de eardere buorskip Koaterhuzen. It Ternaarder diel telt 24 adressen en it Wierumer diel 6.

Bûtendyks by It Skoar leit in kwelder mei de namme Skoarsterpôlen. Dêr leit in lege simmerdyk omhinne, mar by heech wetter en stoarm strûpt it gebiet faak ûnder.

De buorskip is ûntstien oan de Waadseekust, oan de âlde 16e-iuwske seedyk. De namme ferwiist mooglik nei de steilte fan de doetiidske kustline.

Yn 1664 waard 't Skoar fernijd as Schoor, yn 1718 as t Schoor, yn 1848 as Schoor en yn 1850 as Het Schoor.

Gemeentelike weryndieling

bewurkje seksje

Sûnt 2019 leit It Skoar yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it buorskip yn West-Dongeradiel.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • www.ternaard.nu
  • Kadaster Geo-Informatie
  • G. van Berkel & K. Samplonius (2018), Nederlandse plaatsnamen verklaard
  • Gildemacher, Karel F. (2007). Friese plaatsnamen: alle steden, dorpen en gehuchten. Ljouwert, Friese Pers/Noordboek.
  Noardeast-Fryslân  
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
  ·   ·