Blau Hûs
Blau Hûs is in filla út 1906 yn It Hearrenfean. Foar de jierren '70 foel it ûnder It Oranjewâld. Blau Hûs stiet op de hoeke fan de Wilhelminawei (earder Grindwei) en de Marktwei nei It Hearrenfean-Súd.
Blau Hûs is boud yn opdracht fan Johannes Hendrikus Taconis (†1949). Taconis wie sûnt 1882 eigner fan tabaksfabryk "De Rookende Moor". De filla is boud yn Jugendstil mei grutte raampartijen, sêres en erkers. Yn 1924 is it gebou fergrutte troch Taconis.
Yn 1949 is Blau Hûs ferkocht oan de Herfoarme Gemeente fan Aldskoat, dy't der in âldereinhûs fan makke.
Sûnt 1986 is it yn besit komd fan yngenieursburo "Oranjewoud".