Rhens
Appearance
Rhens | ||
Alde riedshûs fan Rhens | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Mayen-Koblenz | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.992 (2022) | |
Oerflak | 16,31 km² | |
Befolkingsticht. | 183 ynw./km² | |
Hichte | 77 m | |
Oar | ||
Postkoade | 56321 | |
Koördinaten | 50° 16' N 7° 37' E | |
Offisjele webside | ||
www.rhens.welterbe-mittelrhein.de | ||
Kaart | ||
Rhens is in stêd yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It leit yn 'e lânkring Mayen-Koblenz. Rhens hat in befolking fan likernôch 3.000 ynwenners (2022).
Sûnt 2002 heart Rhens ta it UNESCO-wrâlderfskip Boppe Middenryndelte.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Königsstuhl, it plak dêr't sûnt 1273 de Dútske karfoarsten by inoar kamen om in kening te kiezen.
- De Scharfer Turm stiet fuort oan de Ryn en datearret út 1396. Oarspronklik in toltoer, letter in finzenis. Yn 1645-1646 waarden hjir heksen fêstholen en foltere. Tsjintwurdich is it in gebou dêr't útstallings organisearrre wurde.
- It Rathaus oan it Marktplatz: it ûnderste diel stamt út likernôch 1500, de twadde ferdjipping mei de gevel út ca. 1600.
- It histoaryske sintrum fan Rhens mei tal fan fakwurkhuzen.
- De stedsmuorre mei poarten.
- De 11e iuwske Dionysiuskirche mei in barok ynterieur.
- De 19e iuwske neogotyske Theresiakirche út 1906-1908.
- It Deutsches Haus waard yn de jierren 1566–1570 boud. Grut fakwurkhûs, dat oan in âlde poarte is boud.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Rhens, Dionysiustsjerke
-
Stedspoarte
-
Königsstuhl
-
Stedsmuorre
-
Detail fakwurkhûs
-
Joadsk begraafplak
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rhens fan Wikimedia Commons. |