Springe nei ynhâld

Anette Olzon

Ut Wikipedy
Anette Olzon
sjonger en/of muzikant
Anette Olzon (2008)
Anette Olzon (2008)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Anette Ingegerd Olsson Husgafvel
nasjonaliteit Sweedsk
berne 21 juny 1971
berteplak Katrineholm
wurkpaad
sjenre Hardrock,
Metal
sjongtaal Ingelsk
grutste hit(s) Amaranth
jierren aktyf 1988 - 2020

Anette Ingegerd Olsson Husgafvel better bekend as Anette Olzon (Katrineholm, 21 juny 1971) is in Sweedsk sjongeres. Sy is benammen bekend as sjongeres fan Nightwish.
Olzon spile yn har earste band doe't se santjin wie; se spilen benammen covers fan oare bands. Dêrnei spile se yn de band Alyson Avenue: earst as studiosjongeres, dêrnei ek as leadsjongeres. Mei dy band hat se sûnt 2000 twa albums útbrocht. Op 24 maaie 2007 makke Nightwish bekend dat Anette harren nije sjongeres wurden wie. It earste nije album mei Anette, Dark Passion Play, ferskynde yn septimber dat jier. Yn novimber 2011 waard dit album folge troch Imaginaerum. Olzon waard 1 oktober 2012 wilens in toernee yn Amearika ûntslein. De Nederlânske sjongeres Floor Jansen, earder fan After Forever, waard holderdebolder ynflein om yn elk gefal it toernee ôf meitsje te kinnen.
Nei Nightwish gie Olzon solo fierder mar fan 2020 ôf wurket se fulltime as ferpleechkundige.

Anette Olzon is twa kear boaske. Mei har earste man hat se in soan en mei har twadde man, bassist Johan Husgafvel, hat sy twa bêrn.

Album Utbrocht op Band Single(s)
Dark Passion Play 26 septimber 2007 Nightwish Amaranth,
Erämaan Viimeinen,
Bye Bye Beautiful,
The Islander
Imaginaerum 30 novimber 2011 Storytime,
The Crow, the Owl and the Dove

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: