Neneh Cherry
Neneh Cherry | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Neneh Cherry, 2013 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Neneh Mariann Karlsson | |
nasjonaliteit | Sweedsk | |
berne | 10 maart 1964 | |
berteplak | Stokholm | |
wurkpaad | ||
sjenre | Rap, hip-hop, trip-hop | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | Stim | |
grutste hit(s) | Buffalo Stance (1988), Manchild (1989), I’ve Got You Under My Skin, 7 Seconds | |
jierren aktyf | 1981 - no | |
prizen | Brit Award | |
offisjele webside | ||
http://www.nenehcherry.de/ |
Neneh Cherry (Stockholm, 10 maart 1964) is in Sweedsk sjongster, dy't fan ein jierren 80 oant healwei de jierren 90 in tal grutte ynternasjonale hits hie mei in mjuks fan hiphop, soul en oare muzykstilen. Ta har grutste súksessen behearre Buffalo Stance (1988), Manchild (1989), I’ve Got You Under My Skin (1990, mei Afrika Bambaataa), 7 Seconds (1994, mei Youssou N'Dour) en Woman (1996).
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 't earstoan spile Cherry yn ferskate bands lykas The Slits en Rip Rig Panic, mar begjin jierren tachtich sette se mei in solokarriêre út ein, mei as earste nûmer Stop the war, in protestliet tsjin de Falklânoarloch. Yn 1986 waard se troch Matt Johnson (The The) frege om mei te dwaan oan syn album "Infected". De grutte trochbrek kaam in pear jier letter, doe't hja mei Buffalo Stance in nûmer 1-hit helle yn ûnder oaren Nederlân. It liet kaam fan har debútalbum Raw Like Sushi út 1989.
De jierren dêrnei folgen mear hits, dy't ûnder oaren fan har twadde studioalbum kamen, Homebrew út 1992. Itselde jier rekke se in skoft út de rûlaasje troch de Sykte fan Lyme. Yn 1994 kaam se werom en skoarde se in grutte hit mei 7 seconds, yn gearwurking de Senegaleeske sjonger Youssou N'Dour. Yn 1996 kaam har album Man út. Se wie nei dy tiid ek as gastsjongster te beharkjen op albums fan Speech, Gorillaz, Pulp en cirKus.
Yn 2012 makke se yn 'e mande mei The Thing, in Noarsk jazztrio, it album "The Cherry Thing". Yn 2014 kaam it album Blank Project út, in album wêr't se al yn 2013 oan wurke yn 'e mande mei RocketNumberNine, in 'elektroduo' besteande út de bruorren Ben en Tom Page.[1][2][3]
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ik kar. De folsleine diskografy is te finen yn de Ingelsktalige Wikipedy: hjir
Soloplaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Raw Like Sushi (1989)
- Homebrew (1992)
- Man (1996)
- Blank Project (2014)
Yn gearwurkingsferbân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Mei CirKus
- Laylow (2006)
- Medicine (2009)
- Mei The Thing
- The Cherry Thing (2012)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Neneh Cherry yn de IMDb
- Jude Rodgers: Neneh Cherry: Jazz can be the way you make love (2012) in The Guardian
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Neneh Cherry fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|