Weilburg
Weilburg | |
---|---|
Lokaasje Waldsoms yn de Lahn-Dill-Kreis | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
Dielsteat | Hessen |
Lânkring | Limburg-Weilburg |
Sifers | |
Ynwennertal | 12.955 (31.12.2020) |
Oerflak | 57,51 km² |
Befolkingstichtens | 225 / km² |
Hichte | 140 m |
Oar | |
Tiidsône | UTC 1 |
Simmertiid | UTC 2 |
Webside | www.weilburg.de |
Weilburg is in stêd yn de Hessyske lânkring Limburg-Weilburg yn Dútslân (Regierungsbezirk Gießen). Iuwenlang wie de stêd de residinsje fan in adelsskaai fan de Nassau's, wêrút it tsjintwurdige gruthartochlike Hûs fan Lúksemboarch stammet. Weilburg leit tusken it Westerwâld en de Taunus en is nei Limburg an der Lahn en Bad Camberg wat ynwennertal oanbelanget de grutste stêd fan de lânkring.
Stedsdielen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Weilburg bestiet út alve stedsdielen:
- Ahausen
- Bermbach
- Drommershausen
- Gaudernbach
- Hasselbach
- Hirschhausen
- Kirschhofen
- Kubach
- Odersbach
- Waldhausen
- Weilburg (sintrum)
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boppe de Lahn stiet sûnt de 12e iuw oan de râne fan de histoaryske binnenstêd de boarch fan de greven fan Nassau. Yn de 16e oant 18e iuw makken hja dêr harren residinsje fan en de âlde boarch feroare doe yn in kompleks yn renêssânsestyl. Fan 1659-1703 folge in barokke ferbouwing.
De protestantske Slottsjerke en it riedshûs binne yn ien gebou ûnderbrocht, dat fan deselde boumaster is as dy fan de barokke ferbouwing fan de boarch. It ynterieur is as in preektsjerke ynrjochte; sintraal stiet de preekstoel mei dêrboppe it oargel. De tsjerke hat it wichtichste barokke ynterieur fan alle protestantske tsjerken yn Hessen.
Op it tsjerkhôf tichteby it sintrum stiet de Hillich Grêfkapel, in midsiuwsk tsjerkje dat as achthoekige sintraalbou boud waard. Foar it tsjerkje oer stiet wat heger in barokke krusigingsgroep.
De Lahn giet yn in ombocht om de Mühlberg hinne, dêr't de histoaryske binnenstêd op leit. De ombocht waard foar it skipferkear ôfsnien troch it oanlizzen fan de Weilburger Schiffstunnel troch de Mühlberg, de iennige fan syn soarte yn Dútslân. De tunnel is 195 meter lang en waard yn de jierren 1844-1847 oanlein.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Stätisches und Bergbaumuseum (museum oer de skiednis fan de stêd en de mynbou, mei in myngong op echte skaal)
- Rosenhang Museum (museum foar hjoeddeiske keunst)
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Binnenhôf Slot
-
Oranjery
-
Poarte en stedstoer
-
Weilburger Schiffstunnel
-
Hillich Grêfkapel
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Weilburg fan Wikimedia Commons. |