Steingaden
Appearance
Steingaden | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Beieren | |
lânkring | Weilheim-Schongau | |
Stedsyndieling | 53 Ortsteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.917 (2021) | |
Oerflak | 64,04 km² | |
Befolkingsticht. | 46 ynw./km² | |
Hichte | 763 m | |
Oar | ||
Postkoade | 86989 | |
Koördinaten | 47° 42' N 10° 52' E | |
Offisjele webside | ||
steingaden.de | ||
Kaart | ||
Steingaden is in doarp en gemeente yn 'e lânkring Weilheim-Schongau yn 'e Dútske dielsteat Beieren.
De gemeente leit oan 'e foet fan 'e Alpen op de grins fan Opper-Beieren en de Allgäu.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant de sekularisaasje fan 1803 yn Beieren hearde Steingaden by de abdij fan Steingaden, dy't yn 1147 stifte wie troch Welv VI, de markgreve van Toskane en hartoch fan Spoleto.
Mei de bestjoerlike herfoarming fan Beieren yn 1818 waard Steingaden in selsstannige gemeente, wylst de gemeenten Fronreiten, Lauterbach en Urspring mei de bestjoerlike herfoarmings yn 'e jierren 1980 oan de gemeente Steingaden tafoege waarden.
Yndieling gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente bestiet út 53 plakken en plakjes (ynklúsyf lytse buorskippen):
|
|
|
|
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Steingaden: Premonstratinzer stiftstsjerke Sint-Jehannes Baptist;
- Steingaden: Tsjerke fan it Hillich Krús;
- Steingaden: Kleastermuseum im Pfarrhof;
- Wies: UNESCO-wrâlderfgoed Beafearttsjerke fan Wies mei it beafeartsmuseum;
- Ilgen: Beafearttsjerke Marije-Fisitaasje;
- Urspring: Marije Magdalenatsjerke.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Steingaden fan Wikimedia Commons. |