Jan Ykema
Jan Ykema | ||
sporter | ||
Jan Ykema (1982) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jan Jelte Ykema | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 18 april 1963 | |
berteplak | Harns | |
etnisiteit | Frysk | |
sportive ynformaasje | ||
sport | reedriden | |
ûnderdiel | Langebaan, Sprint | |
trener | Jillert Anema | |
O.S. | Calgery 1988 | |
debút | 1981 | |
karriêre-ein | 1989 | |
wichtige prestaasjes | ||
1x sulver Olympyske Spullen 1988 |
Jan Jelte (Jan) Ykema (Harns,18 april 1963) is in Fryske âld-reedrider en hjoeddeis (2009) trainer by it APPM-reedridersteam.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ykema wie in súksesfol sprinter, mei oanlis foar de 500 en de 1000 meter. Syn topjierren wienen 1986-1989. Hy is wrâldferneamd wurden troch de "pikstart" (in sitaat fan Mart Smeets) by de 500 meter op de Olympyske Spullen fan 1988 yn Calgary, dêr't hy de sulveren medalje wûn. Syn tiid (36,76) wie geweldich, fral omdat oant dat momint syn persoanlike rekord stie op 37,42. Uwe-Jens Mey (DDR) wûn it goud mei in tiid fan 36,45.
Ykema wûn yn syn karriêre trije gouden, twa sulveren en trije brûnzen medaljes by wrâldbekerwedstriden. Hy waard trije kear Nederlânsk Kampioen Sprint en helle ek trije kear goud op de NK Ofstannen ( twa kear op de 1000 en ien kear op de 500 meter).
Oan de ein fan it seizoen 1988-1989 sette Ykema op 26-jierrige leeftyd in punt efter syn sportkarriêre. Hjirnei waard hy makelaar yn ûnreplik guod. Yn 2005 kaam hy nei bûten mei it ferhaal dat hy fyftjin jier lang ferslaafd west wie oan kokaïne. Wyls is hy al in tiid ôfkickt en jout hy gastlessen op middelbere skoallen oer syn ferslaving.[1]
Yn septimber 2008 waard bekend dat Ykema werom komt op de iisbaan en wol as begelieder fan de sprinters Jacques de Koning, Rhian Ket, Lars Elgersma en Yuri Solinger[2] [3].
Resultaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]jier | NK Ofstannen | NK Sprint | Olympyske Spullen |
---|---|---|---|
1982 | |||
1986 | |||
1987 | |||
1988 | 500m 1000m |
500m | |
1989 | 500m 1000m |
Wrâldrekords
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nr. | Ofstân | Tiid | Datum | Baan |
---|---|---|---|---|
jr1 | 1000 m | 1.17,78 | 30 jannewaris 1981 | Davos |
jr2 | 500 m | 38,42 | 31 jannewaris 1981 | Davos |
jr3 | 1000 m | 1.17,49 | 31 jannewaris 1981 | Davos |
jr4 | sprint fjouwerkamp | 155,935 | 31 jannewaris 1981 | Davos |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|