Hynstekrêft
De hynstekrêft, hoarsepiid (hk, Nederlânsk symboal 'pk', ek meast yn Fryslân brûkt) is in âlde ienheid fan arbeidsfermogen, dêr't it gebrûk fan sûnt 1978 - by de ynfiering fan it SI-stelsel - wetlik net mear tastien is. It wie it arbeidsfermogen dat in trochsneed hynder oer in lang skoft tiid leverje koe. De oantsjutting hynstekrêft is betizend, want it is net in ienheid fan krêft mar fan fermogen. De Ingelske namme horsepower (symboal HP) jout dy betizing net.
De hynstekrêft hat gjin ynternasjonaal symboal.
Definysje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]English horsepower
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Skotske útfiner James Watt definiearre de hynstekrêft om 1770 hinne as 33000 foot-pounds per minute. Dat is it fermogen fan in wurkhynder om 150 kilogram yn ien minút 30 meter op te hisen. Dat
De hynstekrêft waard ek definiearre as it fermogen dat nedich is om in lêst fan 75 kilogram yn 'e stap te hisen (dat wol sizze mei in faasje fan 1 meter de sekonde, of 3,6 kilometer de oere). Dat by in falfersnelling fan 9,81 m/s² jildt it folgende:
- watt
Dy wearde is lyk oan wat letter yn Ingelân metric horsepower neamd waard. 1 hk komt dus oerien mei likernôch 0,736 kW, en 1 kW mei sa'n 1,359 hk.
It fermogen fan stoommasines en letter ek dat fan motoaren waard eartiids yn hk's jûn. Mar de hk (en alle oare nasjonale oantsjuttings foar hynstekrêft, sa as HP (horse power), PS (Pferdestärke) en ch (cheval vapeur)) binne tsjintwurdich ferfongen troch de SI-ienheid kW (kilowatt), hoewol't yn advertinsjes foar en yn it generaal de term hk noch altyd brûkt wurdt.
Ynternasjonaal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In Nederlânske hynstekrêft (hk) is krekt deselde as de Dútske Pferdestärke (PS) en de Frânske cheval-vapeur (ch), mar de Ingelske horse power (hp) is in bytsje grutter: 1 horse-power = 1 HP = 550 ft.lbf/s ~ 745,7 watt, mei oare basisienheden (1 ft = 1 foot = 0,3048 m en 1 lb = 1 pound = 0,4536 kg. lbf is de swiertekrêft op 1 pound. Yn Ingelân wie de definysje dus yn bytsje oars.
Ferskillende manieren fan mjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- AHK it asfermogen
- wurdt metten oan de bûten it wurktúch stekkende as (as- of rimfermogen)
- DIN hk (Deutsches Institut für Normung)
- dat wurdt metten neffens normblêd DIN 70020, mei oansletten helpapparatuer, sa as luchtfilter, wetterpomp, fentilator, brânstofpomp, ynspuitpomp, ûnbelêste dynamo, útlitsysteem ensaf.
- EHK it effektive fermogen, dat op de proefstân metten wurdt oan it driuwtsjil as krukas. It ûntstiet út it ynwendich fermogen dêr't alle wriuwingsferliezen fan ôflutsen binne [1]
- IHK it ynwendich- of yndikateurfermogen
- Dat is it teoretyske, troch de binnendruk opboude, fermogen dat op de silinder by de gasekspânsje ûntstiet. It fermogen kin net metten wurde, mar wurdt berekkene fia it yndikateurdiagram. It fermogen fan stoomseeslepers waard faak jûn yn 'ipk'
- NHK it nominaalfermogen
- SAE hk (Society of Automotive Engineers)
- dat wurdt metten yn de Ingelske definysje fan hk oan it driuwtsjil, sûnder de helpapparatuer, sadat de wearde bot heger leit as yn DIN hk's
De opjefte fan it fermogen wurdt troch bedriuwen meast sa geunstich at kin foarsteld. Der waard wol praat fab 'ferkeap-hk's'. It fermogen fan auto's en motorfytsen waard ek yn hk's útdrukt, mar de getallen koenen dus ferriffelje. At it fermogen fuort oan de krukas metten wurdt, sil de wearde heger útfalle as by mjitting oan de tsjillen of at de helpapparatuer dy't troch de motor oandreaun wurdt der ôfhelle wurdt ( de dynamo, fersnellingsbak, hydraulyske pompen). Fierders kin de motor sa sekuer ôfsteld wêze dat it measte fermogen metten wurdt.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |