Gebeartetaal
Gebeartetaal is in systeem fan gebearten en meneuvels, makke mei de hannen en oare dielen fan it minsklik lichem (faak ynkl. it meitsjen fan minen mei it gesicht), dat brûkt wurdt as in foarm fan kommunikaasje ta ferfanging fan spraak yn alle fasetten fan ynteraksje mei oaren. Fral dôven meitsje fanneeds in protte gebrûk fan gebeartetalen, dy't yn sokke gefallen dôvegebeartetalen, of ek wol primêre gebeartetalen neamd wurde. Dêrnjonken binne der ek saneamde helpgebeartetalen, dy't ek wol sekundêre of ôfwikseljende gebeartetalen neamde wurde; sokken wurde yn beskate sitewaasjes as helpmiddel brûkt troch hearrende minsken, binne folle beheinder yn har mooglikheden as dôvegebeartetalen en kinne har net frij ûntwikkelje sa't sprutsen talen en dôvegebeartetalen dat dogge.
Dôvegebeartetalen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dôvegebeartetalen binne folweardige kommunikaasjefoarmen dy't beskreaun wurde kinne yn deselde of ferlykbere termen as sprutsen talen. Oars as dat faak tocht wurdt, bestiet der net "ien dôvegebeartetaal", mar brûke de dôvemienskippen yn ferskillende lannen ferskillende talen, sa't dat ek mei sprutsen taalmienskippen it gefal is. Nettsjinsteande har hegere mjitte fan ikoniteit (d.w.s. de neikombere relaasje tusken gebeart en betsjutting), ferskille dôvegebeartetalen ûnderling sterk, benammen op leksikaal mêd, en binne se dus net ûnderling fersteanber.
Dêrby hâlde dôvegebeartetalen net deselde grinzen oan as sprutsen talen; Nederlânske Gebeartetaal en Flaamske Gebeartetaal binne net ûnderling fersteanber, en likemin is dat it gefal by Amerikaanske Gebeartetaal en Britske Gebeartetaal. Oan 'e oare kant besteane der troch de willekeur fan histoaryske fersprieding fan dôvegebeartetalen soms oerienkomsten dêr't men dy net ferwachtsje soe; sa hawwe sindelingen út Noarwegen yn it koloniale tiidrek Noarske Gebeartetaal yntrodusearre op Madagaskar, sadat Noarske en Malagassyske Gebeartetaal noch altyd ûnderling fersteanber binne.
Fierders komme der ek binnen dôvegebeartetalen regionale farianten of dialekten foar; yn it gefal fan Nederlânske Gebeartetaal giet it dêrby fral om 'e Grinzerske fariant, dy't frijwat ôfwykt fan 'e standert. Lykstrekich mei wat der yn 'e wrâld fan 'e sprutsen taal geande is, wurde dôvegebeartetalen út 'e hiele wrâld op dit stuit sterk beynfloede troch Amerikaanske Gebeartetaal.
In soad lannen hawwe sûnt de jierren njoggentich harren nasjonale dôvegebeartetalen wetlike erkenning en dêrmei beskerming skonken. Dêrûnder binne Austraalje, Belgje, Brazylje, Denemark, Dútslân, Eastenryk, Fenezuëla, Finlân, Grut-Brittanje, Hongarije, Iislân, Noarwegen, Uganda, Oerûguay, Portegal, Slowakije, Spanje, Súd-Afrika, Sweden, Switserlân, Tailân, Tsjechje, en 14 Amerikaanske steaten, wêrûnder Kolorado, Nij-Jersey en Teksas. Yn Nij-Seelân is Nijseelânske Gebeartetaal sûnt 2006 sels in offisjele taal, mei gelikense rjochten en status as it Ingelsk en it Maoary. Yn Nederlân wurdt der al teminsten 15 jier oer praat om Nederlânske Gebeartetaal te erkennen as minderheidstaal, mar mids 2015 wie der op dat mêd noch altyd gjin inkele foarútgong boekt.
Helpgebeartetalen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Helpgebeartetalen wurde brûkt troch hearrenden yn sitewaasjes dy't stilte fereaskje (it kleaster, de jacht) of as helpmiddel by kommunikaasje tusken leden fan twa (of mear) taalmienskippen dy't inoars talen net fersteane en net har taflecht nimme kinne ta in trêde, troch eltsenien behearske taal of ta in pidgin. As helpmiddel by kommunikaasje binne gebeartetalen oer it algemien net in lang libben beskern, mei't se yn sokke sitewaasjes yn ûnbrûk reitsje sadree't men inoars taal goedernôch behearsket om him sûnder gebearten fersteanber meitsje te kinnen. Dêrtroch krije gebeartetalen yn sokke omstannichheden ek nea de kâns om har ta in echte taal te ûntwikkeljen.
In útsûndering hjirop wurdt miskien foarme troch de saneamde Flakte-Yndiaanske Gebeartetaal, dy't yn in stikmannich foarmen (dialekten) yn gebrûk wie en noch is by ferskate Noardamerikaanske Yndianestammen. De wichtichste dialekten binne Standertflaktegebeartetaal en Navaho-Gebeartetaal. Hjirby moat lykwols oantekene wurde dat dizze taalfoarmen sawol as helpmiddel by kommunikaasje, as by de jacht, as troch de dôven fan 'e oangeande folken brûkt wurde, en dus net (inkeld) helpgebeartetalen binne.
Oars leit it mei helpgebeartetaal dy't yn "stille" foarmen fan it kleasterlik libben sprutsen wurde, de saneamde Monastyske Gebeartetaal. Dêrfan hawwe har troch de iuwen hinne ferskate foarmen ûntjûn, dy't oer it algemien ferbûn binne oan beskate kleasteroarders: Augustynske Gebeartetaal, Benediktynske Gebeartetaal, Sistersjinzer Gebeartetaal, Trappistegebeartetaal, ensfh.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|