Compiègne
Compiègne | ||
Stedhûs | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Frankryk | |
regio | Opper-Frankryk | |
departemint | Oise | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 40,615 (2019) | |
Oerflak | 53.1 km² | |
Befolkingsticht. | 760 ynw. / km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC 1 | |
Simmertiid | UTC 2 | |
Koördinaten | 49° 25' N 2° 49' E | |
Offisjele webside | ||
Side Compiègne |
Compiègne (Pikardysk: Compiègne) is in stêd yn Frankryk, dy't 80 kilometer noardeastlik fan de haadstêd Parys leit op it plak dêr't de Aisne en de Oise gearrinne. De stêd leit yn it departemint Oise en is dêrfan in ûnderprefektuer.
De stêd is sûnt de Merovingers in keninklike stêd, mar fanwegen it ferline mei it Twadde Keizerryk wurdt Compiègne ek wol de keizerlike stêd yn Frankryk neamd. Compiègne is wat oerflak oanbelanget de grutste gemeente fan it departemint en wat ynwennertal oanbelanget de twadde gemeente.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Compiègne is sûnt de 6e iuw in keninklike residinsje. Karel II (823-877) liet yn de 9e iuw in paleis delsette neffens dat fan karel de Gruttee yn Aken. Hy stifte ek in abdij, dêr't de stêd him om hinne ûntwikkele. De Frânske Revolúsje makke in ein oan dy abdij dt'r in grutte rol spile hat yn de skiednis fan it lân. en nei plondering waarden alle gebouwen ôfbrutsen. dy't in grutte rol spile hat yn de skiednis fan it lân. De oarsprong fan it hjoeddeiske paleis is it troch Karel V de Wize boude kastiel yn 1374.
De stêd waard yn de Hûndertjierrige Kriich ferskillende kearen troch de Boergonjers belegere en ynnommen. Doe't Jeanne d'Arc de stêd by in belis helpe woe om te ferdedigjen waard hja op 23 maaie 1430 finzen nommen troch de Boergonjers en ferkocht oan de Ingelsen. By dat belis waard in grut part fan de stêd ferneatige; it ynwennertal naam ôf en de befolking ferearme. De delgong duorre oant it bewâld fan Karel VIII, doe't de stêd him wer herstelde. Sûnt dy tiid tsjinne Compiègne as bûtenferbliuw fan de keningen fan Frankryk. Hja wiene wenst om dêr ta te hâlden as hja werom kamen fan harren kroaning yn Reims, lykas Karel VII dat yn 1429 mei Jeanne d'Arc die.
Yn de tiid fan de godstsjinskrigen bleau Compiègne trou oan it keningskip en it katolike leauwe. De stêd waard yn ruil dêrfoar beleane mei foarstlike privileezjes. It Edict fan Compiègne fan july 1557 troch kening Hindrik II hie as doel om de reformaasje yn Frankryk út te roegjen en wurdt beskôge as ien fan 'e earste stappen fan ûnderdrukking tsjin de hugenoaten.
Yn 1624 waard yn Compiègne in ferdrach tusken Frankryk en de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen sletten, werby't Frankryk stipe joech oan de Nederlânske opstân tsjin Spanje. Yn 1635 folge yn Compiègne it sluten fan in ferdrach tusken Frankryk en Sweden, werby't Frankryk stipe joech oan de Sweedske legers yn it Hillige Roomske Ryk. It krewearjen fan Maria de' Medici's om Richelieu út syn amt te setten, liede yn 1630 ta har ferballing nei Compiègne en fan dêr wist hja yn 1631 út te piken nei Brussel.
Tusken 1751 en 1788 boude ynearsten Ange-Jacques Gabriel, letter syn learling Louis Le Dreux de la Châtre, foar kening Loadewyk XV in nij slot yn de styl fan it klassisisme. Napoleon Bonaparte en Napoleon III lieten it slot renovearje en útwreidzje. Mei Versailles en Fontainebleau heart Compiègne ta de trije wichtichste keninklike residinsjes fan Frankryk. Keizer Napoleon III brûkte it slot faak as hjerstresidinsje.
Yn de Earste Wrâldkriich waard de stêd troch de Dútsers oermastere en fan 2 septimber 1914 oant 12 septimber beset. Dêrnei namen de Frânsen de stêd wer yn en Compiègne bleau fan dy tiid ôf in stêd tichteby it front. Paleizen en skoallen waarden ferboud ta militêre sikehûzen en de stêd hie te lijen fan bombardeminten troch de Dútske loftmacht en harren langeôfstânkanon, de Lange Max 42. Op 17 maart 1917 waard moarns om seis oere de Dútske zeppelin L 39 boppe de binnenstêd besketten. It loftskip rekke yn 'e brân en fan de manlju yn it loftskip oerlibbe nimmen.
Compiègne is bekend troch de ûndertekening fan twa wapenstilstannen tusken Dútslân en Frankryk.
Op 11 novimber 1918 waard yn it bosk fan Compiègne yn in wagon de earste wapenstilstân tekene troch de Frânske maarskalk Ferdinand Foch en de Dútske politikus Matthias Erzberger. Dêrmei kaam in ein oan de Earste Wrâldkriich.
Hast 22 jier letter op 22 juny 1940 waard in twadde wapenstilstân tekene tusken it Dútske Ryk en Frankryk. Fan Dútske kant wie de ûndertekener Wilhelm Keitel, fan Frânske kant Charles Huntziger. De Dútsers hiene foar de gelegenheid spesjaal deselde wagon fan Compiègne út it museum helle. Nei de ûndertekening waard de wein as relyk meinommen nei Dútslân en dêr yn 1945 ferneatige. Yn de tiid fan de Dútske besetting waard yn Compiègne it trochgongskamp Royallieu boud, dat fan juny oan augustus 1944 funksjonearre. De earste trein mei politike finzenen ferliet op 6 july 1942 Royallieu rjochting it kamp Auschwitz. Likernôch 50.000 minsken binne fanút dat kamp nei Auschwitz en oare kampen yn it easten deportearre. Op de lokaasje stiet tsjintwurdich in betinkingsmonumint.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1962 | 1968 | 1975 | 1982 | 1990 | 1999 | 2011 | 2019 |
Ynwenners | 24.427 | 29.700 | 37.699 | 40.384 | 41.896 | 41.254 | 39.517 | 40.615 |
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It 18e-iuwske kastiel fan Compiègne.
- It yn de 18e iuw ûntwurpen Grande Parc.
- It yn 'e flamboyante gotyk boude Hôtel de Ville (stedhûs), de bylden oan de gevel binne 19e-iuwsk.
- De 13e-iuwske Église Saint-Jacques (Sint-Jakobustsjerke) dêr't Jeanne d'Arc hinne gyng te bidden ear't hja finzen nommen waard.
- De oarspronklik 13e-iuwske, mar letter ferboude Église Saint-Antoine (Sint-Antoniustsjerke).
- De kleastergong fan de yn de Frânske Revolúsje ferneatige Sint-Korneliusabdij.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kastiel fan Compiègne
- Musée Vivenel (de samling fan de arsjitekt Vivenel en in argeologyske kolleksje)
- Musée de la figurine historique (samling tinnen soldaatjes)
- Musée du cloître Saint-Corneille (midsiuwsk byldhouwurk)
- Clairière de l'Armistice (it plak dêr't yn 1918 en 1940 de wapenstilstân tusken Frankryk en Dútslân ûndertekene waard).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.
|